Kings Battle

Omrop Fryslân live by de Kings Battle op 27 april yn Blauhús.

Foto: Rararacing.nl

De populariteit fan crosse en race is grut yn Fryslân. Op 27 april stiet Speedway Blauhûs wer fol mei racefanatisy foar de spektakulêre Kings Battle. Omrop Fryslân sit dêr boppe-op, mei in Omrop caravanrace en live-ferslach op radio, telefyzje en online.

It idee foar de Omrop Fryslân caravanrace is ienfâldich: wa rydt it langst mei de (hiele) caravan oer it parkoers en wint de Omrop-bokaal en ien fan de trije prachtige bbq's? Opjaan foar de race kin op
Fac-autocross.nl/inschrijving. Sjoch foar de regleminten fan de Omrop caravanrace op:
Fac-autocross.nl/reglementen.

Omrop Fryslân is dit jier foar it earst live by de Kings Battle yn Blauhûs. Alle wedstriden binne live te folgjen op telefyzje en online fia Omropfryslan.nl en de Omrop-app. Hâld Omropfryslan.nl/racing yn ‘e gaten foar mear ynformaasje.

(advertinsje)

Rûchhouwers, dat binne it!

Yn Fryslân lûke autocross-eveneminten alle simmers in soad leafhawwers. Yn de dokumintêre Rûchhouwers besjocht Omrop Fryslân de sport fan tichteby. Wêrom is autocross sa populêr en watfoar minsken crosse der eins?

Mear ynformaasje oer de dokumintêre is te finen op Ruchhouwers.nl en op Facebook.com/Ruchhouwers.

Wa wurdt de 'king of dirt'?

Midwykse wedstriden komme net regelmjittich foar yn de autocross. Sûnt Willem-Alexander kening fan Nederlân waard is der yn de Fryske autocross in nije tradysje ûntstien: de Kings Battle. Woansdei 26 en tongersdei 27 april 2017 stiet Speedway Blauhûs wer fol mei racefanatisy foar dy spektakulêre wedstriid.

Omrop Fryslân is dêr dit jier foar it earst by. Alle wedstriden binne live fia Omrop Fryslân te folgen. Hâld ús yn ‘e gaten foar mear ynformaasje oer dat alles.

(advertinsje)
(advertinsje)