Watervolk

Waterfolk ‘Waterfolk’ is de titel fan it lêste album fan Souldada. Omrop Fryslân hat in registraasje makke fan harren teatertoer dêr't de band mei lâns de Nederlânske teaters giet. Gitarist Herman Woltman hat de muzyk fan it album skreaun mei teksten yn it Papiamento, Ingelsk, Afrikaansk en Frysk. Waterfolk en Souldada is wrâldmuzyk mei in Fryske ynslach brocht troch sjongeres Femke Hoeksma en op sello Carel van Leeuwen, op bas Bart Soeters en op perkusje Willem Smid. It optreden fan de registraasje yn de Koornbeurs yn Frjentsjer wie op 4 april fan dit jier. De band sil yn septimber harren toer oer de grins trochsette mei in oantal optredens yn Afrika.

Watervolk weromsjen

(advertinsje)
(advertinsje)