Us dieretún

Neffens programmamakker Herman Zeilstra is it in unyk programma dêr’t minsken sjogge wat der allegear bart by AquaZoo. Herman: “Dat de doarren fan AquaZoo sá iepenstean is fansels unyk. Wy mochten oeral komme en dat lit Aqua Zoo fan in hiele oare kant sjen.”

Sûnt de oername fan AquaZoo is der al it ien en oar yn de dieretún feroare. Mar noch hieltyd komme der feroaringen oan. Nije bisten, nije ferbliuwen foar de bisten en kursussen foar de meiwurkers. Ek dy meiwurkers hawwe in wichtige rol yn it programma, sy komme dan ek meardere kearen oan it wurd. “Meiwurkers fertelle yn de searje fol passy oer harren wurk en de leafde foar de bisten”, seit Herman. Mar ek besikers fan de tún komme oan it wurd, de titel fan it programma is net foar neat: ‘Us dieretún’.

Diel dit berjocht op:

Us dieretún útstjoeringen

(advertinsje)
(advertinsje)