Tomke siket om 'e kluts

De teaterfoarstelling Tomke siket om 'e kluts is in gearwurking tusken Tryater en it Tomke projekt. Taal stiet sintraal yn dizze pjutte- en beukerfoarstelling. Tryater en Tomke besykje de bern en harren âlden bewust te meitsjen fan taal en fantasy. Tomke siket om 'e kluts is in muzikale teaterfoarstelling oer de dingen, de wurden en de klanken.
Omrop Fryslân makke yn novimber in registraasje fan dizze foarstelling, dy 't foar folwoeksenen ek leuk is om nei te sjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)