Teken fan libben

Wy ride der alle dagen oan foarby en der komme spitigernôch noch hieltyd mear by: bermmonuminten. Markearre plakken by de dyk lâns, dy’t tinken dogge oan dejingen dy’t om it libben kamen by in ferkearsûngemak op dat plak. Raynaud Ritsma giet foar in nij programma fan Omrop Fryslân op syk nei de ferhalen efter dy monuminten. Fan moandei 6 maart ôf is Teken fan libben alle moandeis fan 18.35 oere ôf te sjen.

Yn Nederlân komme alle jierren hast 600 minsken om it libben yn it ferkear. Wannear’t presintator Raynaud Ritsma by in bermmonumint delrydt, beseft er dat efter sa’n monumint in ferhaal sit dat net ophâldt by it ûngelok. Yn it programma wol Omrop Fryslân de neibesteanden en helpferlieners in gesicht te jaan. Hoe ferwurkje sy harren ferlies en hoe stean sy sûnt it ûngelok yn it libben?

Teken fan libben is fan moandei 6 maart ôf alle moandeis te sjen fan 18.35 oere ôf by Omrop Fryslân. 

Op internet zijn de uitzendingen van Teken fan libben met Nederlandse ondertiteling te bekijken. 

Hawwe jo nei oanlieding fan dit programma fragen oer rouferwurking of ferlet fan in petear?

Nim dan kontakt op mei:
Stichting NAHzorg 
Tel: 058-2563839 (te berikken tusken 09.00 - 17.00 oere)
Mail: info@tekensvanlevens.nl

Sy helpe jo fierder.

Yn ûndersteand kaartsje is in oersjoch te finen fan bermmonuminten yn Fryslân. Ek is oan 'e hân fan it kaartsje te sjen nei hokker ferhalen Omrop Fryslân op syk giet. 

Diel dit berjocht op:

Teken fan libben útstjoeringen

(advertinsje)
(advertinsje)