Sportgala Fryslân

Op It Hearrenfean waarden woansdei de prizen foar de bêste sporters útrikt op it Sportgala Fryslân. Sportman fan it jier waard shorttracker Sjinkie Knegt en sportfrou fan it jier sylster Marit Bouwmeester. Sjinkie waard wrâld- en Europeesk kampioen. Marit wûn sulver op it WK en se waard winner fan de wrâldbekerwedstriid. Trijfâldich wrâldkampioene hurdfytsen Alyda Norbruis waard beheinde sportfrou fan it jier.

Swimster Marrit Steenbergen waard sporttalint fan it jier mei goud en twa kear sulver op de European Games. De follybalfroulju fan Snits waard de bêste sportploech. Sy waarden lânskampioen. Skûtsjeskipper en SKS-winner Dirk Jan Reijenga wûn de priis foar de bêste beoefener fan Fryske sporten. Maratonreedrydster Maria Sterk wûn de oeuvrepriis. Iepenbiere basisskoalle It Twaspan fan Wynjewâld wûn de sport op basisskoallen priis.

Epke Zonderland spile mei syn band Gentlemen of the Peat (manlju fan it fean, dus fan It Hearrenfean) twa nûmers op it sportgala. Dy groep bestiet út sporters en âld-sporters. Reedrider Sjoerd de Vries spilet gitaar yn de band.

Assistent van het talent
De priis ‘Assistent van het talent’ is in nije priis dy’t dit jier foar it earst útrikt wurdt op it Sportgala Fryslân. De titel is in inisjatyf fan Omrop Fryslân en de Ljouwerter Krante yn gearwurking mei Sport Fryslân. Ut de rom 90 oanmeldingen binne troch de sjuery 3 assistinten nominearre.

Frijwilliger Tjitske Wind fan VC Snits waard op it gala útroppen ta 'assistint fan it talint'. Neffens Wilma Grasman is Tjitske faker yn ‘e sporthal te finen as thús op ‘e bank. “Sy stiet altyd foar elkenien klear en hat meardere funksjes binnen de feriening.” Is der in tekoart oan ferfier? Dan komt Tjitske der al oanriden. Hat in team gjin coach? Dan stiet Tjitske klear. “Sy is ûnmisber foar de klup”, seit Wilma.

Diel dit berjocht op:

Sportgala Fryslân útstjoeringen

(advertinsje)
(advertinsje)