Passy foar stoom

Passy foar Stoom, In Frysk Aventoer

De dokumintêre Passy foar Stoom lit sjen hoe't in tal stoom-entûsjastelingen mei passy probearje harren dream te ferwêzentlikjen: in ridende persoanestoomtrein tusken Snits en Starum. In hiel jier binne se folge mei de kamera mei as resultaat in 24 minuten dourjende dokumintêre.
Dat dit projekt net sûnder stjit of slach ferrûn docht daliks bliken oan it begjin fan de dokumintêre as inisjatyfnimmer Max Kooijmans him ôffreget as se der net better mei stopje kinne. De sjogger komt fierder yn'e kunde mei in tal stoomentûsjastelingen , harren eftergrûn en motiven. Ek komt de skiednis fan de eardere stoomtrein tusken Snits en Starum oan bar mei prachtige bylden. Leafhawwers fan moaie stoomtreinbylden kinne hat hert ophelje oan dit programma.
Dit programma waard earder útstjoerd yn augustus 2010.

Diel dit berjocht op:

Passy foar stoom útstjoeringen

(advertinsje)