Noordpoolorkest mei Iris Kroes

Iris Kroes en Noordpoolorkest:

2012 wie in turbulint jier foar uze Fryske sjongeres Iris Kroes. Se wûn it twadde seizoen fan The Voice of Holland, fersoache optredens troch it hiele lân en makke har debuutalbum First. Se waard ek nominearre foar ferskate prizen. Op 20 desimber 2012 hat se yn De Lawei sjen litten wat se allegearre yn hûs hat. Se brocht in eigen teaterkonsert en waard hjirby begelaad troch it Noordpool Orkest.

Dit lichte muzyk orkest bestiet út 42 profesjonele muzikanten en stiet ûnder leiding fan Reinout Douma. Iris wie jierrenlang in learling fan Reinout. Under begelieding fan it Noordpool Orkest bringt Iris eigen nûmers en bewurkingen fan klassikers. Fierder ûntfangt se ek bisûndere gasten dy jûn. Piter Wilkens, Gurbe Douwstra, Raynaud Ritsma en Gerrie Dantuma (The Voice Seizoen 3) komme allegearre del. Se sjonge solo, mar ek duetten en mei syn allen bygelyks in krystmedly.

Noordpoolorkest mei Iris Kroes weromsjen

(advertinsje)
(advertinsje)