Noardewyn poadium 5 maaie

Noardewyn Live stiet op moandei 5 maaie wer mei in poadium njonken de Prinsetún, op de kop fan de Grienewei/De Wissesdwinger. In ferskaat oan artysten komt foarby om der in fantastysk befrijingsfeest fan te meitsjen. Te hearren en te sjen binne: Anneke Douma, Johan Keus, Agnes Sambrink, Lytse Hille, Gerrie van Dijk, DIFF, The Hangouts, Broken Brass Ensemble, Madoc en as einshow de Doelleazen. De optredens op it Noardewyn-poadium binne live te folgjen op radio, televyzje en ynternet. De presintaasje fan de middei is yn hannen fan Wim Brons, Willem de Vries draait as DJ. It programma op it poadium duorret fan 12:30 oant 16:30 oere. De rjochtstreekse útstjoering fan Noardewyn is fan 13:00 oant 16:00 oere.

Diel dit berjocht op:

Noardewyn poadium 5 maaie útstjoeringen

(advertinsje)