Noardewyn live

Noardewyn live is it muzykprogramma fan Willem de Vries op de freedtemiddei. Alle wiken fan 13.00 oant 16.00 oere op Omrop Fryslân Radio, TV en ynternet 

Noardewyn Live weromharkje? Sjoch ûnder oan de pagina 

Keunstner Bonny Dijkstra is ûnderweis nei Ibiza foar in spesjaal projekt, yn dit filmke fertelt hy syn ferhaal... 

------------------------------------------------------------------------------------------------------------------

Noardewyn Flogster Maeike wie mei har freondinne en Noardewyn sidekick Anneke op it Beachrockersfestival.

Maeike is ien fan de floggers fan Noardewyn Live, hjir is se op it Dokkém open Air Festival yn Dokkum. 

Hjir is it komplete optreden te sjen fan it Noardewyn Live Cityproms koar. 

Op it Citypromsfestival 2016 stiet foar it earst in kompleet Noardewyn live koar. Sa'n 170 minsken kamen twa sneonen by elkoar om te oefenjen. Yn dit filmke in sfearympresje fan de beide dagen.  

John Eskes sil eare wurde yn Neushoorn mei in tribute. Dizze fantastyske muzikant ferstoar ferline jier op 63-jierrige leeftyd. Yn dit filmke fertelle tsien minsken oer harren oantinken en gefoel foar him. Oan it wurd komme: Remko Hoitsma, Bauke van der Woude, Willem Pen, Bas Verdoorn, Richard van den Berg, Meindert van Sloten, Hetty Verdel, Aukje Vonk, Gerrit Tuinenga, en Dick Jongman.

Ivo, de Noardewyn flogger, gie op 'en paad en moette Appie Rammers, dy't ûnder oaren by The Outsiders en CCC Ink. spile hat. Hy wennet al jierren yn Fryslân, is krekt 70 wurden, en Ivo socht him op yn syn mancave... 

De jonge talintfolle muzikant Wytse Dijkstra is op it stuit hiel drok mei David Bowie. Sa hat hy de Bowie Sessions betocht, en dêrneist wie hy mei syn âlde band The Flying Trashcans yn Asteriks mei in Bowie tribute op 20 maaie lestlyn. Hy leit it self allegear út yn dit filmke: 

Romeo & Mega binne twa Snitser graffty-artysten dy't al sûnt de jierren 80 aktyf binne. Nei jierren fan tarieding is einlik it boek klear mei in protte fan harren wurk (pieces). Noardewyn live gie mei de mannen op 'en paad... 

Op 30 april waard it boek presintearre. 

Elske DeWall

Har toernee sit derop, mar yn Neushoorn is se dwaande mei in searje fan fjouwer konserten der't se har muzikale roots hearre lit. 

Broken Brass Ensemble  

Oer it feest, de muzyk en it bûtenlân

Jitiizer

Bestiet 25 jier en is in begryp yn de Fryske muzykwrâld, in portret fan de band

Jack Bottleneck

Wie in pear kear special guest by Danny Vera, ûnder oare yn Nijmegen yn konsertseal Doornroosje, Noardewyn live wie derby

Presintaasje: 
Willem de Vries
Diel dit berjocht op:

Noardewyn live útstjoeringen

(advertinsje)