NODOE

NODOE
Omrop Fryslân gie yn oktober 2013 fan start mei it nije spulprogramma NODOE. Alle sneonen, 10 wiken lang, striden 12 teams tsjin elkoar yn 10 ferskate musea yn Fryslân. Wa 't de tûkste, rapste en handichste wie, dy wie de winner.

Yn elke ôflevering sjogge wy twa teams mei elkoar de striid oangean. In team bestiet út in bern tusken de 10 en 14 jier, in heit of mem en in pake of beppe. It hoecht gjin famylje te wêzen. Alle ôfleverings bestean út fjouwer rondes. Yn de earste ronde spylje de bern in spannend en spektakulêr spul. Yn ronde twa wurde de pakes en beppen testen op de kennis dy't se krekt opdien ha yn it museum en wa drukt it rapst op de knop!!! En yn ronde trije stean de heiten en memmen sintraal. Sy moatte op speurtocht yn it museum. Alle opdiene kennis en feardichheden wurde ynsetten om dy ronde te winnen.

Yn wike 28 en 29 stjoere we NODOE nochris út

De dielnimmende musea binne: it IJstijdenmuseum Bûtenpost, It Damshûs Nij Beets, Museum Martena Frjentsjer, Museum Dokkum, Fries Museum Ljouwert, Fries Landbouwmuseum Earnewâld, Woudagemaal de Lemmer, Fries Scheepvaartmuseum Snits, Kazemattemuseum Koarnwertersân en Tresoar yn Ljouwert.

Sjoch ek op NODOE.nl.

Lêste útstjoering


NODOE fan 9 july 2014 18:20

Spiler wurdt laden
NODOE_2014-07-09


[Herhelling] Dit programma is earder útstjoerd yn 2013.

Yn dizze ôflevering nimt de famylje Van der Veen it op tsjin de famylje Pool. Hokker team bliuwt it langste oerein en giet troch nei de heale finale?

De famylje Van der Veen
De trije generaasjes Van der Veen binne berne op ferskate plakken yn Sûdeast Fryslân. Beppe Bettie komt fan Jobbegea en is dêrnei mei har man nei Aldeboarn ferhuze. Dêr is harren soan Romke berne dy’t op syn beurt wer ferfearn is nei De Lemmer dêr’t Hieke op ‘e wrâld kommen is. De Van der Veen’s binne sportyf. Beppe tennisset, Romke draaft, swimt en fytst en Hieke mei graach fuotbalje. Alle trije fiele har op en top Frysk. Se dogge mei oan NODOE om’t se hartstikke benijd binne hoe’t sa’n opnamedei ferrine sil.

De famylje Pool
Dizze famylje wennet yn syn gehiel yn Surhuzum. Pake Tseard hâldt him yn kondysje mei rinne, fytse en it ûnderhâld fan syn tún. Foar dochter Lutske binne de fakânsjes yn it bûtenlân datjinge dêr’t se mei plezier oan werom en nei foarútsjocht. Annet, de jongste fan dit trijetal, ferdielt har tiid tusken kuorbalje, hynsteride en sa as se dat sels neamt “toeterje”. Skiednis en it besykjen fan musea is net de grutste hobby fan dizze famylje. Mar sa as se sizze “wa wit, komt dêr nei de dielname oan NODOE wol feroaring yn.”

NODOE is in gearwurking tusken Omrop Fryslân, Afûk, Tresoar en njoggen Fryske musea om de Kanon fan de Fryske Skiednis mear ûnder de oandacht te bringen. De dielnimmende musea binne: it IJstijdenmuseum yn Bûtenpost, It Damshûs yn Nij Beets, Museum Martena yn Frjentsjer, Museum Dokkum, it Fries Museum yn Ljouwert, it Fries Landbouwmuseum yn Earnewâld, it Woudagemaal op ‘e Lemmer, it Fries Scheepvaartmuseum yn Snits en it Kazemattemuseum yn Koarnwertersân.

top