MUSE

Yn in spannende ôffalrace socht it Fries Museum yn it televyzjeprogramma MUSE de bêste amateurkeunstner fan Fryslân. Dy syktocht kaam sneon 1 juny ta in hichtepunt yn de finale fan MUSE. 200 keunstners melden harren oan foar de spannende keunststriid, 50 fan harren mochten har wurk oan de krityske sjuery presintearje yn de earste ronde. Fan freed 15 juny ôf kinne jo de striid tusken alle dielnimmers nochris folgje. De searje wurdt op freeds noch in kear werhelle.

Sjuery en presintator
De sjuery bestiet út pasjonearre keunstkenners:
museumdirekteur Saskia Bak
, byldzjend keunstner Remon de Jong en galeryhâlder Steven Sterk. Presintatrise Miranda Werkman folget de dielnimmers op 'e foet.

Wolle jo mear witte oer MUSE of hawwe jo in ôflevering mist? Sjoch dan by 'Utstjoering mist' of op www.muse.friesmuseum.nl.

Petra Weijsenfeld wint MUSE
Yn in live-televyzjeprogramma op 1 juny lieten de trije lêste MUSE-kandiaten, Petra, Sjoerd en Yvette harren einwurk sjen. Petra Weijsenfeld is de winneres wurden. By de iepening fan it nije Fries Museum yn septimber is har wurk te bewûnderjen. De lêste ôflevering fan de alvedielige televyzjesearje waard in spannende einstriid dy’t live te folgjen wie. Sjueryleden Saskia Bak, Steven Sterk en Remon de Jong fûnen Petra de bêste. De sjoggers fûnen Yvette de Koning de bêste. Mar ek Sjoerd Jan Edelenbos krige fan de sjuery en it publyk in soad stimmen. Uteinlik wûn Petra en sy mei har de bêste amateurkeunster fan Fryslân 2013 neame. Sy wint de tentoanstelling yn it Fries Museum.

Mear ynformaasje oer de kandidaten, de keunstwurken en de sjuery is te finen op: www.muse.friesmuseum.nl, it platfoarm foar alles dat mei MUSE te krijen hat.

MUSE weromsjen

(advertinsje)
(advertinsje)