LinKk

LinKk is in soap. In Fryske soapsearje op televyzje, spesjaal foar dy makke, mei akteurs fan ûngefear dyn leeftiid, dy’t dingen dogge dy'tsto ek dochst. Of, no ja, dat is net hielendal wier, fansels. Do makkest grif gjin televyzjeprogramma en dat dogge de LinKke akteurs wol. Se meitsje in televyzjeprogramma oer Fryske jongeren dy’t in televyzjeprogramma meitsje. Kinst it noch folgje?

Seis jier ferlyn is it begûn mei trije jonges en trije famkes dy’t yn 'e simmer net op fakânsje gongen en har ferfeelden yn it doarp dêr’t se wenje. Doe ha se betocht dat se mei de kamera fan de heit fan ien fan harren wol filmkes meitsje koene oer alles wat de Fryske jongerein dwaande hâldt.
Op in kear wie der in wedstriid fan Omrop Fryslân:

STJOER DYN MOAISTE FILMKE YN
EN WIN DYN EIGEN PROGRAMMA BY DE OMROP

De LinKkers ha doe in grappich filmke ynstjoerd oer Pier, de baas fan pensjon en doarpskroech P&B, dy’t him yn it swit jaget yn in sportskoalle.
En no riedst it al, ja, se ha wûn. No filmje se foar Omrop Fryslân! Cool, hin?

Sjoch foar de programma's fan LinKk op www.tsjek.nl

(advertinsje)
(advertinsje)