Liet Ynternasjonaal

It sjongfestival foar regionale en minderheidstalen Liet International is in Frysk inisjatyf en waard yn 2002 foar de earste kear organisearre yn Ljouwert. Sûnt 2006 reizget it festival troch Europa en sûnt 2008 wurdt it stipe troch de Ried fan Europa. Liet Ynternasjonaal lûkt elts jier in protte parse-oandacht, fan BBC oant Al Jazeera, en is útgroeid ta ien fan de grutste festivals foar de promoasje fan regionale- en minderheidstalen. Yn 2012 fûn de lêste edysje fan Liet Ynternasjonaal plak yn de Asturyske stêd Xixón/Gijón yn it noarden fan Spanje. Ferline jier gie it net troch fanwege organisatoaryske problemen op Korsika. Omrop Fryslân makket dit jier in registraasje fan it sjongfestival yn Oldenburg en folget Bruno Rummler by de finale.

De registraasje is te sjen by Omrop Fryslân televyzje op tongersdei 2 july en freed 3 july om 17.20 oere hjirnei alle oeren nei Hea!

Diel dit berjocht op:

Liet Ynternasjonaal útstjoeringen

(advertinsje)
(advertinsje)