Liet

Finale Liet 2015
Sneon 5 en 12 desimber wurdt dizze finale yn twa dielen útstjoerd. De tsien finalisten litte nochris sjen en hearre wêrom sy dit jier harren liet útfiere mochten. As winners waarden troch de sjuery û.l.f. Sjoerd Bootsma it duo Marit en Nigel mei harren liet Libbestier útroppen. Sy sille Fryslân heal desimber dan ek fertsjinwurdigje op it Suns Europe Festival yn Udine (Itaalje). Yn de útstjoering sil fansels in protte omtinken wêze foar de finalisten, dy’t harren wiidweidich presintearje kinne, mar ek in oantal eardere dielnimmers oan Liet, sa as French Connection, Ella and her Man en de winner fan de Europeeske Liet Ynternasjonaal edysje fan 2011: Janna Eijer

Diel dit berjocht op:

Liet útstjoeringen

(advertinsje)
(advertinsje)