Kening Hert en Harry Hazze

Yn ‘Kening Hert en Harry Hazze’ binne de haadrolspilers de yntelliginte, mar in bytsje naïve Kening Hert en syn wat ûndogenske lakei Harry Hazze. Akteurs Thijs Meester (Kening Hert) en Brecht Wassenaar (Harry Hazze) spylje de sênes mei in grutte hânpop. Sy binne dêrby tagelyk mei de poppe yn byld. De poppen komme noch mear ta libben troch de mimyk fan de akteurs, in konsept dat noch net earder op telefyzje brûkt is. De akteurs en de poppen wurde ien, sy fersmelte meielkoar. De akteurs binne traind troch poppespiler Jogchem Jalink, bekend fan ûnder oaren Sesamstraat. Kening Hert en Harry Hazze is te sjen op www.skoal.tv/programma/kening-hert-harry-hazze Te sjen by Omrop Fryslân Telefyzje alle earste woansdeis fan 'e moanne om 10.30 oere.

Diel dit berjocht op:

Kening Hert en Harry Hazze útstjoeringen

(advertinsje)
(advertinsje)