It Noordelijk Filmfestival

De trije magazines wurde makke yn it hert fan it festival: de foyer fan Stêdsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert. Mei petearen mei filmmakkers en besikers en moaie reportaazjes en nijsgjirrige filmtips. It magazine slút alle jûnen ôf mei in film.

Tongersdei 12 novimber: King of Devil's Island

Op tongersdei 12 novimber regisseur Mirjam de With, oer har nijste film ‘Op de dijk’ en har leafde foar Scandinavyske films. Fierders: reportaazjes, filmtips en festivalgongers. As ôfsluter fan de jûn in moaie spylfilm: it drama ‘King of Devil’s Island’ oer in opstân yn in jeugdfinzenis op it Noarske eilân Bastøy yn it jier 1915. Tongersdei 21.00 oere.

Freed 13 novimber: Gliese 581 en De lullige levensloop van een saaie man

Freed is de jûn fan de jonge talinten. Fan de ‘Nieuwe Noordelijke Oogst’ stjoert Omrop Fryslân jûn twa films achter elkoar út. De earste is ‘Gliese 581’ fan Rianne Haak. De twadde film is ‘De lullige levensloop van een saaie man’, fan de Grinzer regisseur Joren Molter. It ferhaal giet oer in begraffenisûndernimmer yn in lyts doarpke yn Grinslân. Op de dei dat hy mei syn lykwein in nordic walker oanrydt, feroaret alles. Freed 21.00 oere.

Sneon 14 novimber: Volcano

Op sneon is Hans den Hartog te gast. Syn dokumintêre ‘De Vogelwachter’ oer de fûgelwachters op de Skylger Boschplaat draaide earder yn New York, yn Rotterdam, en dit wykein yn Ljouwert. Fierders: reportaazjes, filmtips en festivalgongers. De film fan de jûn is it prachtige Iislânske famyljedrama ‘Volcano’. It ferhaal fan in âldere man dy’t, as syn frou siik wurdt, it goedmeitsje wol mei syn bern. Sneon 21.00 oere.

Diel dit berjocht op:

It Noordelijk Filmfestival útstjoeringen

(advertinsje)