It Grut Frysk Diktee

Besjoch hjir de tekst fan it Grut Frysk Diktee 2016.

Fedde Dijkstra wint Grut Frysk Diktee 2016

Fedde Dijkstra fan Wurdum hat it Grut Frysk Diktee 2016 wûn dat yn de Steateseal fan it Provinsjehûs yn Ljouwert holden waard. Fan de 35 dielnimmers dy't harren kwalifisearre hiene, kaam Dijkstra mei 10 flaters as bêste út de bus by it diktee dat skreaun wie troch sjoernalist/skriuwer Sietse de Vries en foarlêzen waard troch Omrop Fryslân-presintatrise Karen Bies. De earste priis bestie út in 'Gouden dakje' en in pinne mei ynskripsje. Twadde en tredde wienen Tineke Hoekstra fan Noardburgum en Jan Ybema fan Grins - de priiswinner fan foarich jier - mei respektyflik 10,5 en 11 flaters.

Sietse de Vries gie ûnder de titel 'Goeie' mei syn tekst yn op de ferskillen tusken de generaasjes as it om it brûken fan de taal giet. Jongere minsken kenne de âlde wurden net mear, wylts de âlderen muoite hawwe mei de feroaringen yn it Frysk en de taal fan de jongerein. As pake seit "it siicht", ferbetteret de pakesizzer hime mei "it tocht".

Wurden dêr't de dielnimmers oer stroffelen wiene û.o. risselreauke (kop-en-pantsje dat net byinoar heart), en al of gjin trema op de i yn wurden as klaaiïng, huiïch en wijing. Njonken de 35 kwalifisearre dielnimmers diene ek in oantal bekende Friezen mei,  lykas Anneke Douma, Wiebe Wieling, Sietske Poepjes en Welmoed Sijtsma. Fan de bekende Friezen makke aktrise Tamara Schoppert it diktee it bêste mei 22 flaters. Hja krige foar dy foar dy prestaasje it 'Laaien dakje'.

Utstjoering

It Grut Frysk Diktee wurdt op 11 maaie fan 18.20 oere ôf útstjoerd op telefyzje. Dêrnei is it nochris te sjen om 20.20 en 22.20 oere. De útstjoering is ek te folgjen fia de app en de website fan de Omrop. De presintaasje is yn hannen fan Karen Bies. Meiprate oer it diktee of oer de útstjoering kin op Twitter mei de hashtag #diktee2016.

De goede stavering en útslach fan it diktee wurde yn it programma bekend makke en binne letter ek nei te sjen op de websites fan de Omrop en de Fryske Akademy: www.omropfryslan.nl/fryskdiktee en www.fryske-akademy.nl/diktee2016.
 

Organisaasje

It Grut Frysk Diktee wurdt organisearre troch de Afûk, Cedin Expertisecentrum Meertaligheid, Provinsje Fryslân, de Fryske Akademy en Omrop Fryslân. It diktee wurdt foar de fjirtjinde kear hâlden. Mear ynformaasje stiet ek op: www.fryske-akademy.nl/diktee2016. Dêr steane ek diktees fan eardere jierren.
 

Kwalifikaasjediktee

De kwalifikaasje is ôfsletten. It kwalifikaasjediktee befettet 29 flaters:

1.    Op 4 juny kuijerje (kuierje) en drave toezenen (tûzenen) kleurich klaaide Friezen en Hollanders, jongkjes (jonkjes) en famkes, grutten en lytsen op ien-en-deselde (ien en deselde) dei man- en frouwmachtich (froumachtich) oer it asfalt of beton fan de slachtedyk (Slachtedyk).  (6 flaters).

2.    Foarôf geand (Foarôfgeand) oan it spektakel slaan virtuele (firtuele) en echte winkels harren slag (slach) mei it ferkeapjen fan skuon en klean, want de rinners en dravers moatte mei goed en moadieus (modieus) ark de ein bisile (besile) kinne. (5 flaters)

3.    Der is fan’t (fan ’t) jier sels in echte webshop lansjerre (lansearre) dêr’t de meidoggers on-line (online) in reade hoodie of in blauw (blau) jack betselle (bestelle) kinne. (5 flaters)

4.    it (It) is in hiele logistyke (logistike) operaasje om de dielnimmers oan de begjinstreek yn Easterbierum (Easterbierrum) ôf te leverjen of by de finish yn Raerd wei te krijen. (3 flaters)

5.    De tocht is in echte marathon (maraton), want it parkoers is op ’e kop ôf 42 kilometer en hûndertfivennjoggentich (hûndertfiifennjoggentich) meter lang. (2 flaters)

6.    De meidoggers kinne harren al trêdzjend, poatteljend (poateljend) of skonkjend - as se der each en ear foar hawwe - fermeistje (fermeitsje) mei optredens fan trompetisten (trompettisten), dichters, dûnsers en oar kréatyf (kreatyf) folk. (4 flaters)

7.    Rampenbestriders (Rampebestriders), blierprippers en ferbân-oanlizzers (ferbânoanlizzers) steane parraat (paraat), al is it foar de dielnimmers te winsjken (winskjen) dat sok folk net te folle drokte hat. (4 flaters)

Opmerkingen:

Hollander (sin 1) is in korrekt stavere fariant fan Hollanner.Soks jildt ek foar slaan (sin 2), dat yn dit gefal in fariant is fan slagge.
Ingelske wurden as webshop, hoodie, jack kinne op twa wizen stavere wurde: Ingelsk of oanpast oan de Fryske stavering. Yn dit diktee steane almeast de Ingelske foarmen.

 

It Grut Frysk Diktee weromsjen

(advertinsje)
(advertinsje)