I.K.

  • Programma Banner I.K. Wyn en Wetter

I.K. Wyn en Wetter spilet him hielendal ôf op en om it wetter yn Fryslân. It is in seisdielige televyzjesearje dy’t it ferhaal fertelt fan de jongeren Rutger en Jildou. Sy geane mei de skoalklasse in wike op sylkamp. Harren nije klassegenoat Jeroen is der ek by en dy lit him goed jilde, tegearre mei syn maat Michael. Jildou wurdt fereale op Jeroen en dat liket fan twa kanten te kommen. Rutger fynt dat ferfelend, omdat er Jeroen net fertrout. Mar Jildou pikt syn beswieren net en docht it ôf as oergeunst. Of hat Rutger in goede reden om Jeroen en syn maat Michael, dêr’t er troch pesten wurdt, net te fertrouwen? De ienige dy't each hat foar Rutger, is sylynstruktrise Lieke. Mar wa is eins dy man op dat djoere jacht en hoe ken hy Jeroen?

Yn maaie 2012 wie it earste seizoen fan I.K. te sjen op Omrop Fryslân Televyzje. It twadde seizoen is fan novimber 2012 ôf ek al útstjoerd op skoaltelevyzje en www.tsjek.nl, it skoalprogramma foar de boppebou fan de basisskoallen. De searje is in folslein eigen produksje fan Omrop Fryslân: skript: Bart Kingma, rezjy: Halbe Piter Claus, kamera: Ismaël Lotz, lûd: Linze Valk.

De searje is ek te sjen op www.tsjek.nl/ik

I.K. weromsjen

(advertinsje)
(advertinsje)