Iepening Provinsjehûs

Op de radio is der al fan 12:00 oere ôf kontakt mei live ferslachjouwers op lokaasje. Op de radio wurdt moarns al yn ferskate programma's foarútsjoen op de iepening. Om 12:00 oere yn Omrop Fryslân Aktueel omtinken foar alle koarleden dy't har op fjouwer plakken yn de stêd sammelje en letter sjongend nei it Provinsjehûs rinne. Middeis skeakelet it programma Noardewyn út en troch nei it Provinsjehûs dêr't Andries Bakker en Jan Durk de Haan ferslach dogge fan de oankomst fan de Keninginne, de offisjele iepening en it barren dêr omhinne. Yn de útstjoering op televyzje binne fansels de ûntfangst fan de Keninginne en de offisjele iepeningshanneling te sjen. Ek de koarsang fan in grut koar fan 2040 sjongers is live te folgjen. It koar sil optrede mei Syb van der Ploeg en syn band. Fierders binne der bylden te sjen fan de bysûndere oankomst fan de sjongers, wurde ynterviews dien troch presintatrise Miranda Werkman mei ferskate gasten en binne der eftergrûnreportaazjes oer ûnder oaren de histoarje fan it Provinsjehûs en de nijbou. Presintator Eric Ennema fersoarget it kommentaar by de útstjoering en dat docht er net allinne; Keningshûskenner en boargemaster Bearn Bilker sil him dêrby helpe.Op de dei moat in tradysje ûntstean. Tenei moat der alle jierren, oant en mei 2040, in saneamde 'rede fan Fryslân' útsprutsen wurde oer Fryslân yn 2040. Direkteur Coen Teulings fan it Sintraal Planburo docht dat as earste, folge troch in muzikale bydrage fan sjonger Gerrit Breteler en de brassband en it koar fan de Wâldsang. De rede, dy’t bywenne wurdt troch Keninginne Beatrix, is ek live te folgjen op Omrop Fryslân Televyzje en Omroplive.nl.

Iepening Provinsjehûs live
Fan 12:00 oere ôf mei live ferslachjouwers op Omrop Fryslân Radio
Fan 14:45 oere ôf rjochtstreeks op Omrop Fryslân Televyzje en Omroplive.nl

Iepening Provinsjehûs weromsjen

(advertinsje)
(advertinsje)