Hynstekeuring

De jierlikse hynstekeuring fan de KFPS is bedoeld as seleksje foar jonge hynsten en keuring fan de goedkarde KFPS-stamboekhynsten. By de bylden fan de hynstekeuring op sneon wurdt live kommentaar jûn troch presintator Gerrit de Boer fan Omrop Fryslân en saakkundige Henk Dijkstra fan ‘Het Koninklijk Friesch Paarden-Stamboek’. It kommentaar wurdt ôfwiksele mei ynterviews. Foar bûtenlânske sjoggers is de útstjoering op ynternet te folgjen mei Ingelsk of Dútsk kommentaar. Njonken de keuringen binne der showrubriken te sjen, mar it hichtepunt fan de dei is alle jierren de beneaming fan de ‘Kampioen stamboekhynst’. Oan de ein fan de middei wurdt bekend wa’t de opfolger is fan de Kampioen fan ferline jier. Dat sil earne tusken 17.00 en 17.30 oere bekend wurde.

Sjoggers kinne sneon reagearje fia sms: 06 20 499 199 en twitter: #HK2017. Mear ynformaasje oer it programma fan de hynstekeuring en Fri(e)sian Proms is te finen op www.kfps.nl.

Diel dit berjocht op:

Hynstekeuring útstjoeringen

(advertinsje)