Gewest Fryslân

It programma wurdt sneons útstjoerd fan 17.00 oere ôf. Hjir nei alle oeren te sjen nei Hjoed.

Alle sneonen fan fiif oere ôf dûkt Omrop Fryslân Telefyzje tenei yn it ferline. Dat dogge se oan de hân fan it programma Van Gewest tot Gewest, dat fan 1965 oant 2004 te sjen wie op NTS, NOS en NPS. Omrop Fryslân hat de beskikking krigen oer de Fryske reportaazjes fan dit programma. Johan van der Zee, de Fryske redakteur fan Van Gewest tot Gewest tusken 1968 en 2002, fertelt dêryn oer syn wurk en de reportaazjes yn in nij programma fan Omrop Fryslân oer âlde saken: Gewest Fryslân. Maile kin nei: gewestfryslan@omropfryslan.nl

Gewest Fryslân weromsjen

(advertinsje)
(advertinsje)