Fryslân Kiest

  • Ferkiezings

De debatten steane ûnder lieding fan Andries Bakker (ferslachjouwer Omrop Fryslân), Patrick van 't Haar (FD) en Atze Jan de Vries (ferslachjouwer LC) en wurde streekrjocht útstjoerd op Omrop Fryslân Radio en binne ek te sjen op www.omropfryslan.nl. De presintaasje is yn hannen fan René Koster (Omrop Fryslân). Lokaasje is it atrium fan de Ljouwerter Krante oan de Sixmastrjitte yn Ljouwert. Underwerpen dy't oan de oarder komme, binne ûnder oare de kwaliteit fan de riedsleden, de rol fan it Frysk, de weryndieling en de desintralisaasje fan de soarch en de jeugdhulp.

Jo kinne der by wêze en meiprate. De debatten begjinne om 19.00 oere en duorje oant 20.00 oere. Jou jo no op fia dizze side en lit jo stim hearre.

arrow

Fryslân Kiest weromsjen

(advertinsje)
(advertinsje)