Fryske tsjerketsjinst



100 jier lyn is der foar it earst in Fryske preek hâlden yn Tsjom. Snein 19 april is der foar it earst in Fryske tsjerketsjinst op televyzje, by Omrop Fryslân. De tsjinst wurdt hâlden yn de Oerdracht op ‘e Jouwer, dêr't de protestantske gemeente mei de kantorij ek folop sjonge sil út it nije Fryske Lieteboek foar de tsjerken. Dit Lieteboek wurdt sneontemiddei 18 april presintearre yn Ljouwert. De deis dernei sille guon lieten klinke yn de tsjinst op ‘e Jouwer, dêr't Cor Waringa de foargonger is. Live op televyzje en radio by Omrop Fryslân.

Fryske tsjerketsjinst weromsjen

(advertinsje)
(advertinsje)