Fryske Top 100

Noch oant en mei 26 desimber kinne jo in persoanlike top 5 fan Fryske nûmers trochjaan op www.frysketop100.nl. Mei it stimmen meitsje jo kâns op de nijste Fryske Top 100 cd. Op 31 desimber de hiele dei de Fryske Top 100 te beharkjen by Omrop Fryslân.

Twadde krystdei is tradisjoneel de finale stimdei en dy wurdt lykas alle jierren mei in feestlike útstjoering mei artysten yn in belpanel ôfsletten.
De útstjoering fan de Fryske Top 100 fan 2015 is dan op 31 desimber tusken likernôch 07:00 en 00:00 oere te folgjen op radio, televyzje en ynternet. https://www.frysketop100.nl/

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)