Fryske Muzykwike

Hjerstfakânsje = Fryske Muzykwike by Omrop Fryslân

Alwer foar de 4e kear in wike lang allinnich Frysktalige muzyk op de radio!

En dat is fansels net alles: we sykje dy op mei Fryske artysten as Doede Bleeker,
Sipke de Boer, Minke Adema, Gurbe Douwstra, Marcel Smit en Eddy Dykstra.
Wolsto ús moarns betiid by dy thús oan de kofje hawwe? Gean dan nei www.kommardel.nl en meld dy oan, dan nimme wy dy mei yn ús toernee. Jûns yn ús televyzjeprogramma Bynt is dan in kompilaasje fan dizze optredens te sjen!

Yn Noardewyn hawwe wy alle dagen live muzyk fan Fryske artysten en dizze sille ek mei presintearje. Jûns yn Radio Froskepôle docht Gurbe Douwstra in greep út de Fryske Top 1000 mei as tema: 'Wêr binne se bleaun?'

Oer de Fryske Top 100 sprutsen: de stimbus foar de Fryske Top 100 wurdt moandeitemoarn iepene troch Rients Gratama en we slute de muzykwike ôf mei in spetterjend miny-konsert op sneontemiddei troch Iris Kroes, Johannes Rypma en Vangrail. De hiele wike kinsto hjir kaarten foar winne! En der falt nóch mear te heljen: spylje mei mei 'Wit de hit'. De tekst fan de iene op muzyk fan de oare hit en kom dêr mar ris op mei titel en artyst fan beiden.

In oprop foar de kreativen: skriuw foar woansdeitemiddei 23 oktober in tekst foar in nij Frysk liet mei it tema 'In nij begjin' en stjoer dy nei tekst@omropfryslan.nl. De bêste tekst wurdt selektearre troch de bekende lietskriuwers Bart Kingma, Baukje Wytsma en Jan Tekstra. Dit liet sil dan útfierd wurde op 1 jannewaris 2014 yn De Lawei yn Drachten troch it Noordpool Orkest mei in bypassende solist.

De Fryske Muzykwike by Omrop Fryslân: fan moandei 21 oktober o/m sneon 26 oktober op radio en televyzje en ynternet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)