Ferslave

  • ekst Lage Kamo

Yn it nije tillevyzjeseizoen start Omrop Fryslan mei de searje Ferslave. Yn it noarden fan út lân helpt Ferslavingssoarch Noard-Nederlân alle jierren 10.000 minsken om fan harren alkohol-, drugs-, gok- of gameferslaving ôf te kommen. Wat is it, hoe komt it, wat kinst deroan dwaan? Ferskate minsken lieten ôfrûne moannen kamera’s ta op faak hiel persoanlike mominten yn harren striid de ferslaving de baas te wurden. Dúdlik wurdt dat it net maklik is en dat it eltsenien oerkomme kin.
Earste útstjoering is op freed 7 septimber.

(advertinsje)
(advertinsje)