Eneco Tour

Omrop Fryslân stjoert moandei 19 septimber streekrjocht de earste etappe fan de Eneco Tour út. De rit begjint en einiget yn Boalsert en giet oer 184,7 kilometer. De Fryske stêd is foar it twadde op ien folgjende jier it toaniel fan it begjin fan de Eneco Tour. Dit kear sil de etappe sân Fryske stêden oandwaan: Warkum, Hylpen, Starum, Sleat, Drylts, Snits en fansels Boalsert.

De Eneco Tour is in wichtige tariedings koers foar it WK yn Katar. Yn it peloton in soad toppers: wrâldkampioen Peter Sagan, Olympysk kampioen Greg van Avermaet, Marcel Kittel, Mark Cavendish, Tom Boonen en Tom Dumoulin. Ek de Friezen Pieter Weening en Lieuwe Westra dogge mei.

De útstjoering op Omrop Fryslân Telefyzje begjint om 15.00 oere. De ferwachting is dat de fytsers tsjin 17.00 oere oankomme yn Boalsert. It kommentaar by de etappe komt fan ferslachjouwers Andries Bakker en Koos Wieling.

Diel dit berjocht op:

Eneco Tour útstjoeringen

(advertinsje)
(advertinsje)