Doch it foar dyn doarp

Algemiene ynfo

Ek yn 2012 jout Omrop Fryslân yn de maaitiid en simmer in wike lang in heal oere deis rjochtstreekse televyzje oan doarpen.

De doarpen

Aldebiltsyl

    Utsjoerings

  • 14 maaie
  • 15 maaie
  • 16 maaie
  • 17 maaie
  • 18 maaie
  • 16.30 oereLive-útstjoering
  • 21.30 oereWerhelling

Introfilm

Javascript is required to view this map.

De sjuery

Miranda is fansels bekind as presntatrise/ferslachjouwer fan Omrop Fryslân.Mei har romme ûnderfining mei TV de ideale foarsitter. Boppedat wie Miranda as bestjoerslid fan Pleatselik Belang Minnertsgea ferliden jier ek belutsen by de DIFDD útstjoerings yn dat doarp. Sy wit dus ek al in hiel protte fan it TV projekt en sy sil dy saakkundigens no ynsette as foarsitter fan de sjuery.

Nei ôfrin fan it projekt hat Arnold in oantal goeie suggestjes dien yn de rjochting fan de sjuery. Dy goeie suggestjes nimt hy no mei as sjuerylid en mei troch dat hy as presintator presys wit hoe’t it projekt yn elkoar sit is ek Arnold in hiel betûft juerylid foar dit jier.

Jouke is de ideale man om dizze funksje yn te fullen. Hy is entûsjast en tige belutsen by DIFDD en sil him mei in protte wille ynsette foar syn nije taak as sjuerylid.

Petra van der Molen is dosinte oan it Friesland College. Fia Petra binne alle stazjêre kameramaminsken oan it projekt ferbûn. Petra hat dus ek wat mei DIFDD. Dêrneist is sy mei eigenaresse fan it media bedriuw RPPR Media. Petra wit alles fan kamerawurk en sil dy kennis no dus ynbringe as sjuerylid.

Eddy Dijkstra is sjonger/liedskriuwer. Hy is bynammen bekind wurden troch it nûmer “Efkes werom”, dat hy skreau en song yn it ramt fan Simmer 2000. It wurd entûsjasme is sa’n bytsje troch Eddy útfûn en entûsjast is hy ek oer DIFDD. Hy sjocht yn it TV projekt in prachtige kâns om bynammen nij talint dat yn it programma in kâns krijt te beoardieljen.

(advertinsje)

It nijs yn 1 minút

(advertinsje)

Reade Tried

Alle swangere froulju moat it rjocht hawwe om thús te befallen.:

Wat fine jo derfan?

readetried@omropfryslan.nl

antwurdapparaat: 058 7009 777

Of fol hjir it formulier yn.

Nijs NOS.nl