De lêste reis

Krekt foar syn 50ste jierdei heart frachtweinsjauffeur Jaap Haveman út Ljouwert dat er slim siik is. As er yn it sikehûs behannele wurdt op de ôfdieling onkology, moetet er oare pasjinten dy't grutte freonen fan him wurde. De nije freonen sette alles op alles om Jaap syn lêste winsken útkomme te litten. Kameraman Harry Dykstra fan Omrop Fryslân is ien fan harren. Hy lei it bysûndere ferhaal fan ‘de lêste reis’ fan Jaap Haveman fêst, tegearre mei programmamakster Jitske de Hoop.

In ferhaal oer in gewoane man dy’t slim siik wurdt, mar dy’t yn de lêste perioade fan syn libben yn ‘e kunde komt mei nije freonen dy’t in soad foar him betsjutte sille. En krekt dat lêste makket dizze film sa bysûnder. Yn de dokumintêre is ûnder oare te sjen hoe’t Jaap omgiet mei syn sykte, mar ek hoe’t de freonen hieltyd nije ferrassings foar him hawwe. Soe Jaap syn grutte dream, om noch ien kear te djipsee dûken, útkomme?

Jaap Haveman is in pear wiken nei de opnamen fan de dokumintêre – op 5 maaie 2011 – ferstoarn.

De lêste reis, tiisdei 12 juny om 17:20 oere en fan 18:30 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje.

De lêste reis weromsjen

(advertinsje)
(advertinsje)