Befrijingsfestival Fryslân



Ek dit jier wer it Noardewyn-poadium op it Befrijingsfestival mei optredens fan in ferskaat oan artysten en bands. It Noardewyn-muzykpoadium hat foar de achtste kear in plak op it festival. Mar leafst tsien ferskillende artysten en bands sille dêr op optrede. DJ Willem Wâldpyk iepenet it programma.
Dêrnei komme ûnder oaren Martyn Ell, Dubbel Accoord & Country Wytske, The Given Horse en De Boodschappers van het Algemene Nut foarby. As ôfsluting sille de Doelleazen der lykas ferline jier wer in feestje fan meitsje.

De presintaasje fan it programma is yn hannen fan Willem de Vries. Elkenien is wolkom om mei te feesten by it poadium oan de kop fan de Grienewei/De Wissesdwinger.

Diel dit berjocht op:

Befrijingsfestival Fryslân útstjoeringen

(advertinsje)