Befrijingsfestival Fryslân



Yn de wike foar Befrijingsdei stjoert Omrop Fryslân al filmkes fan minsken harren persoanlike befrijingsferhalen út en op tiisdei 5 maaie is de stjoerder live by it Befrijingsfestival yn de Fryske haadstêd. It Noardewyn-muzykpoadium hat foar de achtste kear in plak op it festival. Mar leafst tsien ferskillende artysten en bands sille dêr op optrede. DJ Willem Wâldpyk iepenet it programma.

Dêrnei komme ûnder oaren Martyn Ell, Dubbel Accoord & Country Wytske, Downbeat Maestros en De Boodschappers van het Algemene Nut foarby. As ôfsluting sille de Doelleazen der lykas ferline jier wer in feestje fan meitsje. De presintaasje fan it programma is yn hannen fan Willem de Vries.

Elkenien is wolkom om mei te feesten by it poadium oan de kop fan de Grienewei/De Wissesdwinger. It programma duorret fan 12.30 oant 17.00 oere. De rjochtstreekse radio-útstjoering út de Prinsetún wei is fan 13.00 oant 16.00 oere te hearren en ek live te folgjen op Omrop Fryslân Televyzje en op Omroplive.nl. It folsleine programma op it Noardewyn-poadium en it befrijingsfestival is te finen op www.omropfryslan.nl/befrijingsfestival en www.befrijdingsfestivalfryslan.nl.

Fierder wurdt dy deis ferslach dien fan it Victory-befrijerskamp yn de Prinsetún, mar ek ien fan de rûtes fan de befrijingsritten en de ûntfangst fan it defilee mei Kanadeeske feteranen op it Saailân wurde folge.

Befrijingsfestival Fryslân weromsjen

(advertinsje)
(advertinsje)