BAK

Syn libben komt hielendal op 'e kop te stean as syn sjef him freget om foar de krante ferslach te dwaan fan it ûndersyk nei de moard op Remco Beets. Ynearsten mei tsjinsin, mar letter fol fjoer, ferdjippet Bak him yn it libben fan Beets. Wie Beets wol it respektabele riedslid dat er like? Kin Bak as sjoernalist de wierheid ferdraaie? En wat is de rol fan wethâlder Geke Jensma? De film is in inisjatyf fan regisseur Auke de Witte en stichting Willewurk. Dy stichting wol net-kommersjele films meitsje en dêrby professionals en betûfte amateurs gearwurkje litte. Joop Wittermans en Joke Tjalsma spylje de haadrollen yn ‘BAK’, Theun Plantinga is ferantwurdlik foar de rezjy. De measte oare rollen wurde spile troch amateurs. De spylfilm ‘BAK’ wurdt op 21, 22, 23, 24 desimber as searje útstjoerd.

Diel dit berjocht op:

BAK útstjoeringen

(advertinsje)
(advertinsje)