Alvestêdetochtrige

De feriening De Friesche Elf Steden bestie op 15 jannewaris 2009 hûndert jier. Hûndert jier lang myte en hilligens wurdt dan fierd. Omrop Fryslân hat dat op eigen wize dien, mei gjin alve, mar trettjin televyzjedokumintêres. Fan it begjin fan 'e skiednis oant en mei de takomst. We prate mei minsken fan doe en no. Fan Jeen van den Berg en Sipke Beetstra oant Klasina Seinstra en Henk Angenent. Se sitte der allegearre yn.
We werhelje alle 13 programma's oerdei fan 12.00 oere ôf op woansdei ( 5 ôfl.), tongersdei ( 5 ôfl.) en freed ( 3 ôfl.).

Diel dit berjocht op:

Alvestêdetochtrige útstjoeringen

(advertinsje)
(advertinsje)