180 graden

Fan 5 maart ôf stjoert Omrop Fryslân seis wike lang it programma 180 graden út. 180 graden is in programma makke troch acht studinten fan it fjirde jier Kommunikaasje fan 'e NHL yn Ljouwert. Elk jier gean dizze twa ynstânsjes in gearwurking oan. Der ûnstiet in programma dêr't de studinten fan it begjin oant de ein oan wurkje. Se betinke alles sels.

Seis jonge Fryske minsken komme oan it wurd. Seis minsken dy't wat meimakke ha wêrtroch harren libben der no hiel oars útsjocht as foarhinne. Harren libben is 180 graden feroare. De ôfleveringen gean oer twa tinermemmen, in maachferlytsing, in geslachtsferoaring, meidwaan oan in talintejacht, in ferkearsûngelok en it winnen fan in grutte jildpriis.

Elke ôflevering wurdt op moandei, tiisdei en woandei om 17.35 útstjoerd.

(advertinsje)
(advertinsje)