Ynternasjonale stipe foar dokumintêres oer Frysk hynder

17 apr 2015 - 09:34

Ut alle hoeken fan ‘e wrâld komt finansjele stipe foar in bysûnder filmprojekt oer it Frysk hynder. Dat ‘The Royal Friesian’ yn in soad lannen populêr is, docht bliken út it grutte tal bydragen fan leafhawwers oan in crowdfundingsaksje fan De Koninklijke Vereniging ’Het Friesch Paarden-Stamboek’ (KFPS) en Omrop Fryslân. De dokumintêrerige ‘It Swarte Goud’ moat it Frysk hynder sjen litte sa’t dat noch net earder dien is. Mei bysûndere opnamen op unike plakken op ‘e wrâld. Fan de finansiering dy’t nedich is foar de realisaasje fan it projekt is yntusken 84% binnen.

De crowdfundingsaksje is begjin febrewaris opsetten. De oanfoljende finansjele stipe is nedich omdat de ekstra kosten foar de spesjale, diels ynternasjonale, opnamen net betelle wurde kinne út it reguliere budzjet fan Omrop Fryslân. Yntusken hawwe al in soad minsken en ynstânsjes in bydrage tasein oan it bysûndere projekt. Sa hawwe bygelyks ek de Amerikaanse skriuwer Dan Brown en syn frou witte litten dat sy ’It Swarte Goud’ in prachtich projekt fine en graach meiwurkje oan de realisaasje. Fierders is ek in oanfraach om finansjele stipe honorearre troch de Stichting Woudsend Anno 1816. Mei alle bydragen komt de realisaasje fan de dokumintêrerige hieltyd tichterby.

Om de dokumintêres echt meitsje te kinnen, is noch mear finansjele stipe nedich. As it beëage bedrach helle wurdt, kin dêrmei in histoarysk dokumint makke wurde wêryn’t alle fasetten fan it Frysk hynder beljochte wurde. Oer skiednis en libbensrin - fan berte oant de dea. Mei ferhalen oer gebrûken, keuringen, striid, passy en sukses en oer de bysûndere minsken efter de hynders. Minsken of bedriuwen dy’t in bydrage leverje, krije in tsjinprestaasje. Foar bygelyks in bydrage fan 45 euro krije minsken al de hiele rige dokumintêres op DVD. Op de webside www.itswartegoud.nl is mear ynformaasje te finen en belangstellenden kinne harren dêr ek ynskriuwe. It projekt hat ek in Facebook side.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)