WitWat is werom

09 sep 2015 - 10:03

Mei moaie nije fragen én in nije presintatrise

Wêrom is urine giel? Noah Tol, de nije presintatrise fan WitWat, giet op syk nei it antwurd, en mear. WitWat is in kompleet edukatyf programma fan Omrop Fryslân SkoalTV foar bern fan 6 oant en mei 9 jier âld. Noah nimt de bern mei yn har syktocht nei it antwurd op ferskate orizjinele fragen betocht troch bern sels.

Wapene mei in iPad en in fyts is gjin fraach te dreech foar Noah. De fragen binne betocht troch in skoalklas mei bern dy’t like âld binne as de doelgroep. En moat der in proefke dien wurde? Ek dêr draait Noah de hân net foar om! Dêrneist is der yn alle ôfleveringen in ferske te hearren. By it programma is in wurkboekje beskikber foar groep 3 en 4 fan de basisskoalle.

Nei fjouwer jier is it programma wer werom mei nije ôfleverings én in nije presintatrise. Doe’t de lêste ôfleverings opnaam waarden yn 2011, spile Marieke Swart noch de haadrol. Dy rol is oernaam troch Noah Tol dy’t fan woansdei 23 septimber ôf te sjen is as gesicht fan WitWat.

It WitWat team:
• Presintaasje Noah Tol
• Kamera Jan Bensliman
• Lûd Sybrand Bok
• Regy Murk van der Schaaf
• Gearstalling Marja van der Leij

WitWat wurdt de fjirde woansdei en freed fan alle moannen útstjoerd om 11.00 en 12.00 oere. Dêrneist binne de ôfleveringen 24 oeren deis te sjen fia de skoaltelevyzjewebside fan Omrop Fryslân, www.skoal.tv.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân fia mk@omropfryslan.nl of tel. 058 299 7876.

Download WitWat.jpg (369.72 KB)
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)