Winner Tafel 18 nei spannende finale bekend

20 nov 2015 - 15:24

Nei in spannende finale wint Gesina Goudberg (51) út Grou it programma Tafel 18. Dêrmei mei sy harsels de bêste amateurkok fan Fryslân neame. Gesina wûn de finale op 1.10 punt fan Evert Matla (48) út Warkum. Tredde waard Michiel de Waal (37) út Harns.

Gesina wie ferrast doe’t sy hearde dat sy beneamd waard ta bêste amateurkok fan Fryslân: “Dit hie ik echt net ferwachte. De oare twa binne sa goed, ik hie nea tocht dat ik dy ferslaan koe. In geweldige ferrassing.”

De kandidaten fan Tafel 18 lieten in heech nivo fan itensieden sjen. Sjueryleden Albert Kooy (restaurant Wannee) en Ypie van der Lei (restaurant By ús) wiene bot te sprekken oer de kwaliteit dy’t de kandidaten sjen lieten. “Het niveau van alle drie de finalisten is echt heel hoog. Stuk voor stuk hebben ze ons gerechten laten proeven die je alleen in toprestaurants krijgt. Omdat het geen profs zijn laten ze links en rechts nog wel eens een steekje vallen, maar we hebben veel gerechten gezien die veel beter waren dan wat je in een gemiddeld restaurant krijgt”, sa lit Albert Kooy witte.

Yn de finale moasten de kandidaten in trijegongenmenu meitsje. De sjueryleden beoardielen tegearre mei in publykssjuery de trijegongenmenu’s fan de kandidaten. Gesina skoarde goed mei har foar- en haadgerjocht, by it dessert liet sy lykwols punten lizze. Kandidaat Evert Matla makke it noch hiel spannend yn de finale want, ek hy skoarde heech. Hy liet lykwols punten lizze by it foargerjocht. Al wie de sjuery wol bot te sprekken oer it foargerjocht fan Evert, de publykssjuery wie minder entûsjast.

Neist dat Gesina no de titel ‘Bêste amateurkok fan Fryslân’ fertsjinnet, kriget Gesina ek in spesjaal foar Tafel 18 makke servys fan Lies Keramiek.

De útstjoering is werom te sjen fia: http://www.omropfryslan.nl/utstjoering/tafel-18-fan-21-novimber-2015-1700. De fideo is te embedden. Klik op ‘diel fideo’ en kopiearje de embedkoade. Winner Gesina Goudberg sit moandei 23 novimber yn it radioprogramma Muzyk yn Bedriuw fan Omrop Fryslân om werom te sjen op de itensiedstriid.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876 of 06 14 23 98 34.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)