Werhellings Fryslân DOK

08 des 2015 - 15:07

Op snein 20 en snein 27 desimber 2015

Yn desimber wurde twa dokumintêres fan Fryslân DOK werhelle. De dokumintêre ‘De pracht van de macht’ giet oer de macht fan de Friezen dy’t yn de fiifde oant de sânde iuw folle fierder rikte as de eigen terp. De dokumintêre ‘Dûnsje mei de tiid’ giet oer de bekende Jouster klokkemakker Johan ten Hoeve (1984).

De pracht van de macht
Fryske terpen binne de skatkeamers fan Fryslân. Geregeld wurde der noch goudskatten fûn yn de boaiem. Dêrút docht bliken dat Fryslân it rykste diel fan Nederlân wie yn de iere midsiuwen. It goud fertelt lykwols net sa folle oer har dragers of eigeners. Yn Fryslân DOK lit it Fries Museum inkelde gouden stikken, lykas de fibula fan Winaam en de goudskat fan Dronryp, ûndersykje yn it loft- en romtefeartlaboratoarium yn Marknesse.

Dûnsje mei de tiid
Klokkemakker Johan ten Hoeve folge de prestizjeuse stúdzje ‘Clocks Conservation and Restoration’ oan it Ingelske West Dean College. Al wilens dy stúdzje ferraste er mei in replika fan in ferneamde ‘Tompion clock’ foar The Royal Observatory, dêr’t alle jierren sawat 2 miljoen minsken komme. Mei dy opdracht fêstige Johan syn namme yn de Ingelske klokkemakkerswrâld. Hjoeddeis wurket er yn syn wurkplak yn Londen oan bysûndere opdrachten fan oer de hiele wrâld.

Fryslân DOK: De pracht van de macht
Snein 20 desimber om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 19 desimber om 15.30 oere en snein 20 desimber om 12.25 oere op NPO 2.

Fryslân DOK: Dûnsje mei de tiid
Snein 27 desimber om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 26 desimber om 13.05 oere en snein 27 desimber om 12.25 oere op NPO 2.

Dizze dokumintêres binne earder útstjoerd op snein 21 juny en snein 4 oktober.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)