Wêr treffe wy inoar dizze simmer?

12 jul 2016 - 08:47

Simmer yn Fryslân: fan 18 july ôf

Rûnom yn de provinsje kinne jo Omrop Fryslân tsjinkomme dizze simmer. Fan 18 july oant en mei 4 septimber is it simmergefoel werom te finen yn de programmearring fan Omrop Fryslân. Fan in barbecue yn de eftertún oant it FK fierljeppen, de Omrop is mei Simmer yn Fryslân safolle mooglik bûtendoar om ferslach te dwaan fan alles wat der spilet.

Moai fuort
Omrop Fryslân giet ‘moai fuort’ dizze simmer. Sân wiken lang, sân dagen yn de wike, toere de ferslachjouwers fan de Omrop mei de camper troch hiel Fryslân. Hawwe jo in tip oer wêr’t de camper hinne ride kin? Reagearje op de oproppen dy't online en yn de ferskillende radioprogramma’s dien wurde. De Omrop dompelet har ûnder yn de belibbing fan de dei en makket live bydragen foar radio, telefyzje en online.

Festivette
Mei Festivette kin elkenien mei feeste mei de festivals rûnom yn de provinsje. In team fan entûsjastelingen is dizze simmer te finen op ferskate festivals: fan in metalfestival by de Aldehou oant in geheimsinnich hippyfeest by de Griene Stjer. Foar, op en nei de festivals is op social media in ferslach te finen mei foto’s, filmkes en live-ynterviews.

Fryslân yn 360 graden
De wrâld yn 360 graden, ‘ús Fryslân’ yn 360 graden. Dat is wat Omrop Fryslân dizze simmer yn kaart besiket te bringen. Op Omropfryslan.nl/simmer kinne minsken yn 360 graden foto's en filmkes fine fan it Fryske lân en de simmereveneminten. Sa kinne jo bygelyks oan board fan in skûtsje stappe of it keatsen meibelibje.

Alle pikefelmominten live
It skûtsjesilen, de PC, it FK fierljeppen en oare sporten. Fan it iene pikefelmomint yn it oare. De topsporters hawwe mar ien doel dizze simmer: winne! De Omrop hat ek mar ien doel dy wiken: de wedstriden fan de Fryske sporten sa goed mooglik folgje en live ferslach dwaan mei rom omtinken foar de útslaggen en ynterviews mei de sporters.

Mear ynformaasje oer Simmer yn Fryslân 2016 is te finen op Omropfryslan.nl/simmer.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)