Wa fertsjinnet in Omrop-lintsje?

12 apr 2016 - 15:16

Heit dy’t altyd foar jo klearstiet of de buorfrou dy’t faak op de bern past. Of miskien de bern dy’t de putsjes yn ‘e hûs dogge wannear’t jo it sels net oan tiid hawwe. Minsken, dy’t neffens oaren in plomke fertsjinje, spjeldet Omrop Fryslân op moandei 25 april in Omrop-lintsje op.

In dei letter, op tiisdei 26 april, is de tradisjonele lintsjesrein. Dy deis krije in soad minsken in Keninklike ûnderskieding foar harren bysûndere fertsjinsten. Fansels is der by Omrop Fryslân rom omtinken foar de lintsjesrein.

Foar minsken dy’t miskien net direkt foar in Keninklik lintsje yn de beneaming komme en dy’t dochs in soad dogge foar in oar is der it Omrop-lintsje. Ferslachjouwers fan Omrop Fryslân geane op ‘en paad om minsken, dy’t dat neffens oaren fertsjinje, in Omrop-lintsje en in oarkonde út te rikken.

Jo kinne ek in persoan opjaan dy’t neffens jo in lintsje fertsjinnet fia omropfryslan.nl/lintsje. Opjaan kin oant en mei tongersdei 21 april. Ut alle ynstjoerde ferhalen kiest de redaksje in oantal persoanen dy’t op moandei 25 april troch in live-ferslachjouwer ferrast wurde mei in lintsje.

Stim foar dizze aksje en de ferhalen ôf op Omrop Fryslân Radio of sjoch op de spesjale side: omropfryslan.nl/omroplintsje. Omrop Fryslân Radio is yn Fryslân te beharkjen op 92.2 FM (en op 92.5 FM en DAB+), mar ek fia de Omrop webside en app.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)