Underdûkt yn Fryslân

20 apr 2017 - 15:25

Rom omtinken foar ûnderdûken yn de Twadde Wrâldoarloch

Yn de Twadde Wrâldoarloch fûnen tûzenen ûnderdûkers in feilich hinnekommen by Fryske famyljes: Joaden, alliearde piloaten, fersetsminsken en manlju dy’t wegeren om te wurkjen yn de Dútske oarlochsyndustry. Fryslân DOK rekonstruearret yn in trijelûk de ûnderdûkhelp oan dy minsken. Mei ek in bysûndere ûntdekking. Want fûn ûnderdûk altyd wol yn it djipste geheim plak?

Der bestiet al jierren in byld dat ûnderdûk altyd yn it grutste geheim plakfûn. Ut dizze dokumintêre docht bliken dat, dat hielendal net it gefal wie. Benammen yn de Fryske doarpen wist it hiele doarp wol wêr’t de ûnderdûkers sieten. In soad minsken droegen harren stientsje by en dus ûntstie der in grutskalige yllegale ûnderdûkmaatskippij.

De earste útstjoering fan it trijelûk fertelt it ferhaal fan de smokkelrûtes fan Joadske bern fan Amsterdam nei Fryslân. Ien fan dy bern wie de no 79-jierrige Lea Tropp. Sy kaam as 4-jierrich famke by in bakkersfamylje yn Abbegea telâne. Mei har ûnderdûksusters Klaske en Annie fertelt sy oer dy tiid. Utstjoering twa giet oer de unike posysje dy’t de Fryske belestingtsjinst ynnaam by de finansiering fan it ûnderdûken. Under lieding fan haad-belestingynspekteur Jan Evenhuis fan Ljouwert slúze it personiel fan Fryske belestingkantoaren miljoenen troch nei it ferset foar de help oan ûnderdûkers. Yn útstjoering trije steane de knokploegen sintraal. Yn de Twadde Wrâldoarloch oerfoelen knokploegen distribúsjekantoaren, gemeentehuzen en suvelfabriken. De bút joegen sy oan ûnderdûkers.

Ek it radioprogramma Buro de Vries jout omtinken oan de Fryske ûnderdûk. Op snein 23 april is in dokumintêre te hearren mei Salo Muller út Amsterdam. Salo Muller is bekend wurden as fersoarger fan it ‘gouden’ Ajax. Folle minder bekend is syn oarlochsferline yn Fryslân. As lyts jonkje siet er ûnderdûkt yn Oerterp en Fryske Peallen. Hy hat it oerlibbe, mar hat der ferlittingseangst en alderhande kwalen oan oerholden. Op snein 30 april giet it yn Buro de Vries oer ûnderdûkers yn Hylpen. Willem Glashouwer wie dêr de man dy’t foar Joadske ûnderdûkers in plakje socht. Syn soan, Harmen, rekonstruearret oan de hân fan de ferhalen fan syn heit de skiednis. Buro de Vries is alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere te hearren by Omrop Fryslân.  

Underdûkt yn Fryslân:
Diel 1: snein 30 april fan 17.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân. Op NPO 2 op sneon 29 april om 15.30 oere en snein 30 april om 13.00 oere.
Diel 2: snein 7 maaie fan 17.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân. Op NPO 2 op sneon 6 maaie om 15.30 oere en snein 7 maaie om 13.00 oere.
Diel 3: snein 14 maaie fan 17.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân. Op NPO 2 op sneon 13 maaie om 15.30 oere en snein 14 maaie om 13.00 oere.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)