Twalûk oer ûngelok by Jirnsum yn ‘Teken fan libben’

11 maaie 2017 - 15:20

Moandei 15 en moandei 22 maaie by Omrop Fryslân

“It wie sa abrupt, dat is gewoan net te begripen.” Jolanda de Jong is iepenhertich as it giet oer it omkommen fan har dochter Jildau Lageweg (14) út Aldehaske. It is in jier lyn dat Jildau omkaam by in ûngelok yn Jirnsum. De famylje docht no foar it earst har ferhaal by Omrop Fryslân. Op moandei 15 en moandei 22 maaie yn ‘Teken fan libben’ in twalûk oer it ûngelok. Hoe stiet it gesin der no foar en hokker rol spilet de rjochtsaak tsjin de bestjoerder yn harren libben?       

Yn it earste diel fan it twalûk op moandei 15 maaie fertelle mem Jolanda de Jong en suster Jellie Haitsma hoe’t harren libben der no útsjocht. Jolanda: “It giet noch hieltyd mei fallen en opstean, mar ik bin echt hiel grutsk op ús gesin en hoe’t wy it mei-inoar dien hawwe.” It ûngelok hat in soad impact hân. Jolanda: “De bern binne feroare, sy binne folle banger wurden. Sy tinke mear nei oer alles en it ûnbesoarge is der ôf. Dêr wolst se foar behoedzje, mar dat hat net kind.”  

Neist it in drama wie foar it gesin, makke it ûngelok ek in soad los yn Jirnsum en de media troch de rjochtsaak tsjin de 19-jierrige bestjoerder. Behalve Jildau hie hy noch trije oare passazjiers yn de auto, dy’t allegearre swier letsel oprûnen. De rjochtbank hat de bestjoerder feroardiele ta in jier finzenisstraf ûnder betingst, in taakstraf fan 240 oeren en hy mei trije jier net autoride. It Iepenbier Ministearje is yn berop gien tsjin dy útspraak. Jolanda oer de feroarsaker fan it ûngelok: “Ik nim him it ûngelok kwealik, mar bin net echt lilk op him. Ik fyn it benammen hiel dreech hoe’t hy der mei om gien is.” Suster Jellie: “Wat foar straf moast hjir no foar betinke? Besef fan wat hy dien hat is it alderbelangrykste.”

Op moandei 22 maaie diel twa fan it twalûk, oer de impact fan it ûngelok op de skoalle fan Jildau. Hoe geane je om mei de abrupte dea fan in learling en wat docht dat mei in klasse? Presintator Raynaud Ritsma praat mei teamlieder Gerlinda Hylkema en mentor Jolanda Spijksma.

Yn ‘Teken fan libben’ giet presintator Raynaud Ritsma op syk nei de ferhalen efter bermmonuminten. Yn it programma wol Omrop Fryslân de neibesteanden en helpferlieners in gesicht jaan. Hoe ferwurkje sy harren ferlies en steane sy sûnt it ûngelok yn it libben? ‘Teken fan libben’ is alle moandeis fan 18.45 oere ôf te sjen by Omrop Fryslân.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)