Tsjek is back: fertroud mar dochs oars

13 sep 2016 - 14:16

En no ek op sneintejûn te sjen!

Tsjek is wer fan start, de opnamen foar it programma op de Fryske basiskoallen binne wer úteinset. De feroaring fan de opnamen yn de studio nei de skoallen wie ôfrûne seizoen in grut sukses. Dochs sil der ûnder lieding fan presintator Raynaud Ritsma ek oankommend skoaljier wer in ferskil wêze. Mei in nij liet en in nij spul is Tsjek fertroud mar dochs oars.

De SkoalScrabbleBattle wurdt dit jier ferfongen troch de Tsjek Tsjill Striid. It edukative spul is in striid tusken basisskoallen, dêr’t de behearsking fan de Fryske taal oan de hân fan in trijetal fragen op ‘e proef steld wurdt. It Tsjil (in draaiend rêd) mei oan de ein fan it spul draaid wurde foar bonuspunten. Mei de einskoare wurdt konkurearre mei de oare dielnimmende skoallen. De skoalle mei de bêste skoare wint de Tsjek Tsjill Striid-Bokaal!

De earste Tsjek fan it skoaljier stiet online, by dizze skoallen giet Tsjek noch op besite:
• 16 septimber - De Finneblom - Boarnburgum
• 23 septimber - Twaspan - Deinum
• 30 septimber - Gearwurkingsskoalle Stynsgea - Stynsgea
• 7 oktober - De Reinbôge - Bantegea
• 28 oktober - De Reinbôge - Burgum
• 4 novimber - SBO de Bolder - Frjentsjer
• 11 novimber - De Meiboom - Warns
• 18 novimber - Anjewier - Tsjalbert
• 25 novimber - De Rank - Mitselwier

Tsjek is in programma foar de groepen 7 en 8 fan de basisskoalle mei dêryn nijsgjirrige nijtsjes út Fryslân, edukative reportaazjes en leuke rubrykjes. Fan dit seizoen ôf wurdt Tsjek ek op snein útstjoerd om 17.35 oere en dêrnei alle oeren. Fierder bliuwe de útstjoerdagen itselde, woansdei en freed om 10.30, 11.30, 12.30 en 16.00 oere. Dêrneist binne de ôfleveringen 24 oeren deis te sjen fia de skoaltelefyzjewebside fan Omrop Fryslân, www.skoal.tv.

Noat foar de redaksje:
Wy nûgje jo fan herte út om oanwêzich te wêzen by de opnamen fan ien fan de ôfleveringen.

Programma
08.30 oere: start opnamen
11.00 oere: opnamen spultsje

Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân fia mk@omropfryslan.nl of tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)