Tsjek is back: en dit jier live yn de klasse

07 sep 2015 - 13:30

Tsjek is back. En dit jier wol op in hiel bysûndere wize. Fan freed 11 septimber ôf wurdt Tsjek net mear opnaam yn de fertroude studio mar binne ferskate basisskoallen yn Fryslân it nije dekôr fan it programma. Mar dat net allinnich, de learlingen fan de skoalle spylje fansels ek in grutte rol yn de ôflevering.

Want njonken de fertroude rubrykjes en Alyt op lokaasje geane de skoallen dêr’t Raynaud dit skoaljier komt, mei-elkoar de striid oan yn de ScrabbleBattle. Yn dizze battle moatte de bern in Frysk wurd meitsje fan maksimaal 7 letters. Dy letters moat se springend op in skippybal garje. Hoe flugger hoe mear kâns op de Scrabble-bokaal. Ek nij dit jier is it Tsjek-liet. Ut folle boarst sjonge alle bern mei en dan is de skoalle ‘Tsjekt’!

De ûndersteande skoallen wurde dit jier besocht troch it programma.

• 11 septimber CBS de Grûnslach Wjelsryp
• 18 septimber CBS De Klinkert Sleat
• 25 septimber CBS De Regenboog Dokkum
• 2 oktober School Lyndensteyn Beetstersweach
• 9 oktober CBS De Trijetine Skettens
• 30 oktober CBS De Tarrissing Aldwâld
• 6 novimber OBS van Maasdijkschool It Hearrenfean
• 13 novimber A.B.B.S Otto Clant skoalle Boksum
• 20 novimber PCBO By de Boarne Boarnburgum

Tsjek is in programma foar de groepen 7 en 8 fan de basisskoalle mei dêryn nijsgjirrige nijtsjes út Fryslân, edukative reportaazjes en leuke rubrykjes. Tsjek wurdt alle wiken útstjoerd op woansdei en freed om 10.30, 11.30, 12.30 en 16.00 oere. Dêrneist binne de ôfleveringen 24 oeren deis te sjen fia de skoaltelevyzjewebside fan Omrop Fryslân, www.skoal.tv.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân fia mk@omropfryslan.nl of tel. 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)