Topsifers foar Omrop Fryslân op izeldagen

08 jan 2016 - 16:01

Mear as de helte fan de Fryske befolking hat de ôfrûne winterdagen de berjochtjouwing fan Omrop Fryslân folge. It izelwaar hie Fryslân yn ‘e besnijing. As de regionale stjoerder fan de provinsje Fryslân hat Omrop Fryslân der alles oan dien om de Fryske mienskip te ynformearjen oer de glêdens. De Omrop hat dêrmei yn in grut ferlet foarsjoen. Der kamen hûnderten reaksjes binnen fan minsken oer hoe bliid sy mei de ynformaasjefoarsjenning wienen. “Dit is wêr’t de Omrop der foar is”, wie ien fan dy reaksjes.

Haadredakteur Klaas Geert Bakker: ‘’Omrop Fryslân wie de ôfrûne dagen de wichtichste en meast aktuele boarne fan ynformaasje oer de glêdens. Hokker skoallen binne sletten, wêr is it gefaarlik om te kommen en wêr net? Mar ek: hoe kin de Fryske befolking inoar help biede. De krêft fan de mienskip waard dúdlik sichtber, mei de Omrop as yntermediêr. Dat hat laat ta hege sjoch-, hark- en onlinesifers dy’t oantoane dat Omrop Fryslân as regionale stjoerder in wichtige funksje ferfollet as yn de Fryske mienskip.’’

Telefyzje en radio
Wilens de izeldagen hat mear as de helte fan de Fryske befolking nei de programma’s fan Omrop Fryslân sjoen. Njonken de útstjoering fan 18.00 oere luts benammen de ‘ekstra Hjoed’ om 13.00 oere in soad publyk, alle dagen tsientûzenen sjoggers. Faak bleaune de telefyzjes yn de Fryske húskeamers de hiele middei ôfstimd op Omrop Fryslân, mei de ‘ekstra Hjoed’ en it radioprogramma live yn byld. It deiberik fan Omrop Fryslan Telefyzje wie op dizze dagen sawat trije kear heger as gewoanwei.

Online media
Op de webside en de app fan Omrop Fryslân wiene der trije kear safolle besiken as op in gewoane dei. In soad minsken hawwe de liveblog folge en holden ‘It Waar’ fan Piet Paulusma yn de gaten. Ek waard it izelwaar in protte folge op de sosjale media fan de Omrop. Op Facebook waarden foaral de filmkes oer izelwille, lykas it reedriden op strjitte, en oerlêst in soad besjoen. Guon filmkes waarden troch hûnderttûzenen minsken besjoen. Yn trije dagen tiid hat facebook.com/omropfryslan der dan ek 2.500 likes bykrigen. Fierder stie #omropfryslan by de trending topics fan Nederlân op Twitter.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)