Telefyzjesearje oer it moaiste fan Fryslân

05 sep 2017 - 13:59

Omrop Fryslân stjoert de kommende tsien wiken in telefyzjesearje út oer de tsien finalisten fan de ferkiezing ‘It moaiste fan Fryslân’. Yn dy ferkiezing kieze ynwenners fan Fryslân it aldermoaiste dat ús provinsje te bieden hat op it mêd fan romtlike kwaliteit. Yn de oanrin nei de bekendmakking fan de definitive útslach portrettearret Omrop Fryslân alle tongersdeis ien fan de tsien finalisten.   

De searje begjint tongersdei 7 septimber mei in ôflevering oer de eilanner húskes fan Skiermûntseach. Letter yn de searje komme ek oare finalisten oan bod, lykas it Karmelitessenkleaster yn Drachten, de Gaasterlânske kliffenkunst, de Wetterpoarte fan Snits en it Eyse Eisingaplanetarium yn Frentsjer. Yn alle ôfleveringen wurdt omtinken jûn oan sawol de arsjitektoanyske kwaliteiten as de skiednis fan it gebou en hoe’t it no krekt brûkt wurdt.

It moaiste fan Fryslân is in inisjatyf fan it Fries Media Centrum yn gearwurking mei Omrop Fryslân, Leeuwarder Courant en it Friesch Dagblad. Mei in sjuery fan saakkundigen ûnder lieding fan âld-deputearre Jannewietske de Vries hat it Fryske publyk it ôfrûne healjier hast 350 objekten nominearre foar de ferkiezing. Ut dy list is in top 100 gearstald fan it moaiste dat Fryslân te bieden hat. Nei 30.000 stimmen yn de earste ronde, binne de objekten mei de measte stimmen yn de finale kaam. Op tongersdei 16 novimber wurdt yn Fryslân Hjoed de winner fan de ferkiezing bekendmakke.

It idee foar It moaiste fan Fryslân is ôfkomstich fan de Fryske arsjitekten Jacob Borren en Bauke Tuinstra. Mei de ferkiezing wolle sy de Friezen mobilisearje om in Fryske skatkeamer fan moaie gebouwen en lânskippen te selektearjen foar toeristen en gasten dy’t yn 2018 nei Fryslân komme. Foar 2018 wurde rûten ûntwikkele mei objekten út de top 100. “Tot nu toe is de verkiezing een groot succes”, aldus Jacob Borren. “We hopen dat veel gasten in 2018 gebruik zullen maken van de etalage die de Friezen voor ze hebben gecreëerd van het mooiste in onze provincie.”

It moaiste fan Fryslân is fan tongersdei 7 septimber ôf alle tongersdeis te sjen by Omrop Fryslân om 18.45 oere.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)