Teken fan libben: ferhalen efter bermmonuminten

22 feb 2017 - 13:01

Wy ride der alle dagen oan foarby en der komme spitigernôch noch altyd mear by: bermmonuminten. Markearre plakken lâns de dyk, dy’t tinken dogge oan dejingen dy’t om it libben kamen by in ferkearsûngemak op dat plak. Raynaud Ritsma giet foar in nij programma fan Omrop Fryslân op syk nei de ferhalen efter dy monuminten. Fan moandei 6 maart ôf is Teken fan libben alle moandeis fan 18.45 oere ôf te sjen.

Yn Nederlân komme alle jierren hast 600 minsken om it libben yn it ferkear. Wannear’t presintator Raynaud Ritsma by in bermmonumint delrydt, beseft er dat efter sa’n monumint in ferhaal sit dat net ophâldt by it ûngelok. Yn it programma wol Omrop Fryslân de neibesteanden en helpferlieners in gesicht te jaan. Hoe ferwurkje sy harren ferlies en steane sy sûnt it ûngelok yn it libben?

Omrop Fryslân stiet yn de earste ôflevering stil by it ferhaal fan keunstner Fokke Veurman út Aldtsjerk. Op 4 novimber 2000 ferlear hy syn âlders Bart en Griet by in hertferskuorrend ûngelok yn Oentsjerk. Hy fertelt oer de impact dy’t it ûngelok noch alle dagen op syn libben hat.

Fierders yn dizze searje it ferhaal fan Tjeerd en Jelly van der Meer út Oentsjerk. Op 5 jannewaris 2001 ferlearen sy harren dochters Claudia en Nathalie, en it ûnberne berntsje fan Claudia, op de N361 fan Dokkum nei Rinsumageast. De krúskes dy’t sûnt dy tiid op it plak fan it ûngelok steane, foarmje miskien wol it ferneamdste bermmonumint fan Fryslân. It monumint hâldt alle dagen hûnderten automobilisten in spegel foar.

Teken fan libben is fan moandei 6 maart ôf alle moandeis te sjen fan 18.45 oere ôf by Omrop Fryslân. Op Omropfryslan.nl/tekenfanlibben is oan de hân fan in kaartsje in oersjoch te finen fan de bermmonuminten yn Fryslân.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 78 76.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)