Spylfilm BAK op Omrop Fryslân Televyzje

30 apr 2015 - 13:57

Fan woansdei 6 maaie oant en mei sneon 9 maaie

In sjoernalist moat ferslach dwaan fan in ferdwining dêr’t er sels by belutsen is. Dat ferhaal fertelt de spylfilm BAK. De film is basearre op de lyknammige koarte roman fan Sietse de Vries, dy’t yn 2012 as kadoboek yn de Moanne fan it Fryske Boek útjûn waard. Omrop Fryslân stjoert de Frysktalige thriller yn fjouwer dielen út fan woansdei 6 oant en mei sneon 9 maaie.

Haadpersoan yn it boek en de film is stêdsferslachjouwer Sjerp Bak fan de Ljouwerter Krante. Syn libben kriget in ûnferwachte kear as hy by in út de hân rûne rûzje gemeenteriedslid Remco Beets ombringt. It libben fan Bak komt hielendal op 'e kop te stean as syn sjef him freget om foar de krante ferslach te dwaan fan it ûndersyk nei de moard op Beets. Ynearsten mei tsjinsin, mar letter fol fjoer, ferdjippet Bak him yn it libben fan Beets. Wie Beets wol it respektabele riedslid dat er like? Kin Bak as sjoernalist de wierheid ferdraaie? En wat is de rol fan wethâlder Geke Jensma?

De film is in inisjatyf fan regisseur Auke de Witte en stifting Willewurk. Dy stifting wol net-kommersjele films meitsje en dêrby professionals en betûfte amateurs gearwurkje litte. Joop Wittermans en Joke Tjalsma spylje de haadrollen yn BAK, de measte oare rollen wurde spile troch amateurs. Theun Plantinga is ferantwurdlik foar de rezjy en de muzyk is komponearre en spile troch Syb van der Ploeg. De film BAK is op moandei 2 maart yn bioskoop Cinema yn Ljouwert yn premjêre gongen.

Film Bak
Fan woansdei 6 oant en mei sneon 9 maaie om 17.20 oere en dêrnei fan 18.30 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje fan Omrop Fryslân: 058 299 7876 / 06 1423 9834.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)