Slachtemarathon live by Omrop Fryslân

26 maaie 2016 - 11:28

Op sneon 4 juny

De fiifde edysje fan de Slachtemarathon is op sneon 4 juny de hiele dei live te folgjen by Omrop Fryslân. Fan de start fan de hurdrinners oant de finish fan de lêste kuierders: alles is foar it publyk te folgjen. Omrop Fryslân docht ferslach fan de 42 km lange hurdrinwedstriid en kuiertocht, folget bysûndere dielnimmers en hat folop omtinken foar de prachtige omjouwing weryn’t it evenemint plakhat.

Yn de fjouwer dagen foarôfgeand oan de Slachtemarathon rint Miranda Werkman de rûte. Hoe giet it mei de lêste tariedingen? Hoe belibje de doarpen it evenemint? Yn it telefyzjeprogramma Bynt docht sy ferslach fan dy tocht. Dat alles is fan moandei 30 maaie oant en mei tongersdei 2 juny om 17.20 oere te sjen op Omrop Fryslân Telefyzje.

Yn alle doarpen, lâns de folsleine rûte is der ferdivedaasje foar de dielnimmers. Dêrneist hat de Slachtemarathon trije saneamde Oaseplakken: trochkomstpunten dêr’t der dielnimmers efkes in rêstmomint pakke kinne. Der is op dy plakken muzyk en ferdivedaasje, iten en drinken en fersoarging wêr nedich. Op de radio is de fjouwerjierlikse tocht fan 06.00 oant 18.00 oere te folgjen. En ek op omropfryslan.nl/slachte is de hiele dei fia ferskate livestreams en in liveblog de tocht mei te belibjen. Minsken thús kinne de dielnimmers sukses winskje fia de sms,
06 204 991 99, hokker dan oerdeis yn byld foarbykomme.

Moarns folget ferslachjouwer Koos Wieling de wedstriid op in motor en is Miranda Werkman te folgjen yn har Slachte-tocht. Sintrale plak foar Omrop Fryslân is it twadde Oaseplak by it doarp Hidaard. Fan 12.00 oan 16.00 oere komt dêr de livestream wei en besjocht presintator Roelof Lousma hoe’t it mei de dielnimmers giet. Nei 16.00 oere komme de bylden live by it finishplak wei dêr’t de kuierders feestlik binnenhelle wurde. Fan 18.15 oere ôf is der in spesjaal programma op Omrop Fryslân Telefyzje te sjen, presintearre troch Karen Bies, wêryn’t de dei gearfette wurdt.

Slachtemarathon 4 juny 2016
Radio: fan 06.00 oant 18.00 oere
Telefyzje: fan 12.00 oere ôf mei in spesjaal programma om 18.15 oere dat dêrnei alle oeren werhelle wurdt
Online: alles oer de Slachte, de liveblog, livestreams en de ûntwikkelingen fan de dei binne te finen op Omropfryslan.nl/slachte en op de Omrop-app.

Noat foar de redaksje:
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Marketing & Kommunikaasje, tel: 058 299 78 76.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)